Uitslag 5 augustus Ee

6 aug

Federaasje froulju en manlju Dongeradiel op besyk by KF de Trochsetters yn Ie.

By de froulju 4 partoer op de list, en pultsje keatse.

Nei 3 omlopen mei winst op alle 3 partijen mei 21 punten de krânsen foar:

Margriet Wijtsma, Ljussens, Hilde Seepma, Feanwâlden en Mynke Hoekstra-Stiemsma, Ljussens

Twadde priis Femke Dijkstra, Ferwert, Nynke Dijkstra, Nes (D) en Gryte Hoekstra, Ternaard.

A klasse ek 4 partoer op de list en pûl keatse.

Der wie gjin partoer mei 3x winst, en dan telle de punten:

De 1e priis mei 19 punten wie foar:

Wieger Nutte Visser, Anjum, Meindert Lieuwe Jansma Mitslawier en Ewald Seepma, Easternijtsjerk

Er wienen 2 partoer mei 16 punten en dan telle de tsjinearsten en der hie it partoer Bouwe Stiemsma, Ljussens

Jan Jacob Kilmstra, Ljussens, en Sip Jaap Bos, Anjum 13 tsjinearsten,en it partoer fan: Jacob Lei, Dokkum, Wietse Rosier, Anjum en Jelle Jaap Stiemsma 16 tsjin.

B klasse stienen 7 partoer op de list. 2 priisen yn de winnersrûnde en ien yn de ferliesersomgong.

Mei 5-4 6-0 winst gienen de krânsen nei Jan Dijkstra, Feanwâlden, Douwe Wierstra, Holwert en Dirk P. van der Schaaf, Brantgum.

Twadde priis foar: Gerben Basteleur, Dokkum, Tom Brandsma, Gryptsjerk en Tjeerd Jan Boomsa, Moarre.

De earste priis yn de ferliesersomgong wie foar: Waatse de Vries, Ternaard, Andre Turkstra, Dokkum en Stephan Overkeimpe, Ljussens
Dizze partij waar mei mooglik makke troch slagerij Menno Hoekstra út Anjum en Veenma mechanisatie út Dokkum.

Wie in moaie jûn en lekker keatswaar op keatsfjild fan KF de Trochsetters Ie en e.o.

5 augustus